De Karavaan nei Reduzum, giest ek mei?  

De Karavaan nei de Takomst is in tocht troch Fryslân: fan en troch foarrinners dy’t har dwaande hâlde mei in duorsume takomst. De Karavaan nei de Takomst wol besteande duorsume inisjativen yn it sintsje sette troch in poadium oan te bieden foar in ynteressearre publyk. Dielnimmers geane fossylfrij fan it iene duorsume projekt nei it oare: rinnend, fytsend, farrend of ridend. Moarn start der út Ljouwert wei in rintocht nei Reduzum. Yn Reduzum stapt men dan op de elektryske boat nei Grou. Der kinne noch minsken meirinne. Giest ek mei? Oanmelde kin op karavaan.frl.