Yn de prizen

Pinkstersnein stie it jierlikse strjitkeatsen op it programma, fan 10.00 ôf koene de jeugdleden fan start. De bern hawwe knap keatst, hoewol’t it spul op strjitte wol wat oars giet as op it fjild. Mei help fan âlden en bestjoersleden is it in moaie moarn wurden. De middeis wie it noch drûch waar en wie it tiid foar de senioareleden. Der waard knap keatst, soms lei it spul stil en moast der socht wurde….om de bal. Dan bist pas echt yn de prizen….