Godlike Komeedzje 2.0

Yn boeken, toanielstikken en films binne de opwaarming fan it klimaat en de ûndergong fan de ierde al moai wat jierren in populêr tema. Ek Theatergroep FIER fan Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum draacht dêr mei Godlike Komeedzje 2.0 in stientsje oan by fan ’t simmer. Bestel no jim kaarten foar dizze hilaryske en tagelyk konfrontearjende komeedzje fan skriuwer Sietse de Vries en regisseur Job de Roo. https://theatergroepfier.nl