Troch de Raarderbosk

Ids Zijlstra hat mei hiel soad oare bern fan groep 7 en 8 út de omkriten audysje dien foar it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum, wat de kommende tiid opfierd wurde sil. Ids soe earst net meidwaan oan de audysje, want hy wie selektearre foar de 1C seleksje fan it kuorbal.
Syn buorfamke Bente helle him dochs oer om tegearre audysje te dwaan. Allinne op ‘e dei fan de audysjes wie Bente siik en waard Ids selektearre. Yn Linepraat stiet in ferhaal mei Ids.
Jûn is de premjêre.