Yn petear mei de nije kosters

Yn de rin fan it ôfrûne jier hawwe de kosters fan Reduzum en Friens nei in protte ‘tsjinstjierren’ harren stokje oerdroegen. Wieke van Dellen is ferhuze nei Friesmastate yn Grou en Itteke de Leeuw regelet no de saken foar de tsjerke, dy’t Wieke jierrenlang dien hat. Yn Friens ha Piet en Janny Sjonger nei mear as 55 jier de kaai fan de tsjerke yn Friens trochjûn oan Sybren Posthumus. Sawol Itteke as Sybren wenje yn Reduzum en Marjan en Jantsje wiene der wol nijsgjirrich nei wêrom en hoe’t it kosterskip op harren paad kommen is.