Tagonklikheid boarterstún

De boarterstún oan de Smedingstrjitte is troch Doarpsbelang oanpakt: de stoepe is op twa plakken ferlege mei in ‘oprit’ en der is in skulpepaadsje kaam. Dit is dien om de tagonklikheid te fergrutsjen. It sjocht der wer kreas út. Doarpsbelang is ek noch mei de gemeente oan it sjen as der in boarterstastel komme kin foar bern mei in handicap. Hooplik slagget dat takom jier.