Kaartferkeap Godlize Kommedzje 2.0

Op ‘e earste dei fan ‘e simmer krige Theatergroep Fier al bûtenlânske besite yn Friens! Fertsjintwurdigers út Servië, Finlân, Denemarken en Ierlân wiene hjir yn it ramt fan it Europeesk útwikselingsprojekt ‘Culture Up’ (mei Keunstwurk, provinsje Fryslân en Arcadia).
Kommende moandei binne alle frijwilligers wolkom op de generale, en woansdei is de premjêre foar it grutte publyk. Ha jim al kaarten besteld foar dizze hilaryske en tagelyk konfrontearjende komeedzje fan skriuwer Sietse de Vries en regisseur Job de Roo?