Jeu de Pelote toernoai úteinset

Ofrûne moandei starte it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de pelote (Belgysk keatsen, 5 tsjin 5) yn Easterlittens. Reduzum koe op dei ien drok yn aksje, dizze kear tsjin Boalsert. Sa keatsten Jesper Tolsma, Johannes Gerben Brinksma, Pieter Roorda, Alfred Postma en de troef Sjoerd de Boer in poerbêste pot. Boalsert wie net bestân tsjin it spul fan de Redúster spilers, dy’t al gau de 100 man besikers op de hân hie. Nei 4-1 foarsprong kaam Bolsward wat werom, mar mei wat gelok en knappe punten waard it 7-4 en koe Boalsert binnen it oere spyltiid net mear weromkomme. De 2e omloop tsjin Winsum is op moandei 27 juny om 20.00 oere.