Frienzer Merke

It lêste wykein fan juny, de Frienzer Merke, is wer foarby. It wie wer in gesellich feest foar jong en âld. Sneontejûn koenen yn it Lokaeltsje de fuotten fan de flier mei muzyk fan Duo Klick. En hjoed waard der wer omraak keatst. Foar Michiel Galama wie it sels de de 60ste kear dat er meikeatste. Foar de jeugd wie der seiskamp mei û.o. fleanend tapyt, funslang, Hollânske spultsjes, bliksmite, hoedjewip, hoefizersmite, oaljefantefuotbal, toulûken. Grut sukses wie de skandepeal wêrby’t de wiete spûnzen foar ferkuolling soargen.