Nachtkeatsen

Op freed 15 july, fan 21:00 ôf, is der wer nachtkeatsen, ûnder lieding fan de organisatoaren Siebe Fennema (06 42926380) en Werner Vermeulen (06 22388528). Jou dy foar woansdei 13 july 19.30 op by ien fan dizze mannen. De keatsferiening hopet op in soad dielname en sjocht jimme graach op freed 15 july! Lykas foarich jier is der ek wer in priis foar de bêste ferklaaide dielnimmer. Dus komt ferklaaid: lûk jimme moaiste, gekste, bêste outfit út de kast!