Utswaaiparty

De simmerfakânsje is begûn. Dêrom hie de aktiviteitekommisje juster in útswaaiparty organisearre. Under genot fan lekkere broadsjes en wat drinken, fertier foar de bern, koe elk noflik byprate. Wêr sille jim dizze simmer hinne mei fakânsje? La Gardenia, Tuinezië, of is jim bestimming earne oars yn Ferwegistan?
Mar foar elk dy’t ôfreizget nei hokker fakânsje-oarde (as thús bliuwt) dan ek, we winskje jim in moaie fakânsje ta.