De duvel en de ingel siere de nacht

Ofrûne freedtejûn wie der wer nachtkeatsen. De sfear wie super, in publyk kaam manmachtich op dit barren ôf. Op de list stiene mar leafst 16 partoer. In tige slagge evenemint; ûnder de besieljende lieding fan Siebe P. Fennema en Werner Vermeulen. De partij waard sponsore troch Jelmer Lageveen syn bedriuw Eachwiid. In spesjaal tank giet út nei dizze mannen! Moaist ferklaaid neffens de deskundige jury: Melissa Woltjer & Johannes vd Veen (duvel en ingel). Gean foar útslaggen nei Home – Kaatsvereniging Jan Reitsma Reduzum.