Ballonfeest

De lêste dei fan de ballonfeesten fan Joure wie in boppeslach foar de bewenners en guon boeren yn de omkriten. De ballonnen fleagen oant Wytgaard en Wurdum ta. In moai spektakel yn de loft en by it delkommen yn it lân. Yn Friens, Idaerd en Raerd lânen ballonnen. Wat in aardichheidsje oplevere foar de lâneigeners.