Redúster skûtsjesilers

Moarn start it SKS skûtsjesilen. Twa simmers ha de SKS- en IFKS-sylwedstriden stillein. Mar de skippers en oanhang hawwe de ôfrûne twa jier beslist net stilsitten, mar wol oan it roer sitten, yn ‘e touwen hongen en oan ûnderhâld dien. Yn Reduzum ha we ek ynwenners, dy’t mei sile op in skûtsje of op in oare wize by it skûtsjesilen belutsen binne. Watfoar ynfloed hat dat op harren libben en harren húshâlding? Sijmen en Geartsje Bergsma fertelle harren ferhaal efter it skûtsjesilen.