Nije túnbanken

Al in oantal jierren is der troch frijwilligers fan Tsjerkepaad yn Friens oan Johannes Zijlstra frege as der ek in túnbank by de tsjerke komme koe. Oant koartlyn sieten se by moai waar op in tsjerkestoel bûten yn it sintsje. Troch de tsjerkeried binne der nije túnbanken oanskaft en troch Geert Spijkstra ynelkoar setten. Sa kin elkenien yn Reduzum, Friens en Idaerd noflik bûten sitte en genietsje fan de stilte en rêst om harren hinne.