Snoeie yn Friens

Yn oerlis mei de gemeente Ljouwert hawwe Maurits, Ronald, Age en Johan de beammen oan de Beslingadyk rjochting De Trijesprong snoeid. Trochdat de beammen sa ticht begroeid wiene wie it sicht net al te bêst. Dus foar de ferkearsfeiligens en it útsicht wol goed dat de mannen dizze klus oppakt ha.