Mei de fyts der op út

Sit der alwer genoch lucht yn de bannen?
Kommende tongersdei 11 augustus sille de Vrouwen van Nu der middeis mei de fyts op út. De ôfstân is dizze middei ûngefear 35 km en se stekke fansels ûnderweis ek efkes oan.
Opjaan yn ’t foar is net nedich, elts dy’t graach fytse mei, is wolkom!!! Start 13.15 by kafee bar De Welp.