Jorrit wêr Frysk kampioen fierljeppen

Sneon is Jorrit Bouwstra yn Drylts Frysk kampioen fierljeppen wurden by de jonges 11 en 12 jier. Foar de finale moast er him yn trije sprongen pleatse by de earste trije. Jorrit helle yn de earste sprong al in moaie 11.18 m wêrmei’t er by de jonges op de earste plak kaam. Yn de lêste sprong hie Hylke Brouwer in hiele moaie sprong. It like efkes dat er Jorrit foarby sprong, mar hy hie in ôfstân fan 11.15 m. Doe mochten de trije finalisten nog twa kear ljeppe yn de finale. Der kaam Jorrit oant 11.49 m wat in skansrekôr wie. It jeugdjournaal wie der by.