Froulju, lûk de keatswant wer ris oan!

Krektlyk as elts jier organisearret KV Jan Reitsma op de 1e snein fan septimber in 1e klasse frije formaasje partij foar manlju en froulju. By de manlju binne der jierliks ferskate (top)keatsers fan earder, dy’t wer efkes de keatswant oppakke. Dat jildt lykwols foar froulju krekt gelyk. Allinne sjogge we harren, as hja ienris de want oan de wylgen hongen ha, sawat net wer op de fjilden. En dat sjogge wy graach oars! Derom wurde alle frouljuskeatsers, de ‘Toppers fan Doe’, fan herte útnûge om snein 4 septimber wer ris de keatswant oan te lûken en hearlik opnij in baltsje op te slaan op it keatsfjild.