NK jeugd fierljeppen yn Winsum

Sneon organisearret de fierljepferiening yn Winsum it NK jeugd fierljeppen. Jorrit Bouwstra sil hjir as hjoeddeistich Frysk kampioen oan meidwaan. Fansels is it leuk om dit barren live te sjen. Past jim dat net, dan is der in livestream. Yn 2020 waarden Jorrit en syn suster Sanne beide yn har klasse Nederlânsk kampioen. Oare wike stiet der ek in leuk ynterview mei Jorrit en syn famylje yn de Linepraat. (foto argyf)