De versmarkt op freed

Op it pleintsje fan Iel en Mear fan Ale en Marjan de Jager, oan it Swin 9 yn Reduzum steane fan 14 oere ôf de kreamkes wer klear mei allerhanne (h)earlike produkten. Wy hoopje op moai waar, en dat fansels foar it hiele (merke)wykein! De versmarkt en de winkel fan Ale en Marjan binne iepen oant 17 oere. Dizze kear komme: Ale en Marjan fansels, mei alle lekkernijen dy’t sy yn de winkel ha. De spesjaliteiten: de rikke salm en iel binne favoryt by in protte minsken. Besykje ek ris it lekkere bier, efkes foarpriuwe foar de merke?