Frysk kampioenskip einekoerflechtsjen

Op sneon 17 septimber hâldt de Fryske Feriening fan Einekoerflechters ‘De Strampel’ it earste Frysk kampioenskip einekoerflechtsjen op it terrein fan ielfisker Ale de Jager. Mar der is folle mear te rêden: ferskate kreamkes, ielrikjen, einekoerflechtsjen en sa mear. Sa is der foar leafhawwers in preamfeart oer It Swin by de fûken fan Ale de Jager del. En dat allegear fergees.
Frysk Kampioenskip Einekoerflechtsjen | De Strampel (de-strampel.frl)