Oare lokaasje FK einekoerflechtsjen

Fanwegen de minne waarfoarspellings is it kampioenskip einekoerflechtsjen ferpleatst. It is net op it terrein fan Ale de Jager, mar jimme binne fan herte wolkom by de fam. De Groot oan de Ienswei 1 yn Reduzum. In tsiental einekoerflechters sille dêr dwaande wêze mei flechtsjen, der wurdt ielrikke en ferkocht, en der is ek tsiis, wyn, einekuorren en fûgelhokjes te keap. En fansels kofje en gesellichheid.
Net stinne dus mar der efkes hinne om dit âlde ambacht yn de praktyk te sjen. Sneon 17 septimber fan 10.00-16.00.