FK einekoerflechtsjen

Dit earste Frysk kampioenskip einekoerflechtsjen waard wûn troch Lolke van der Meer. Hy krige út hannen fan sjuerylid Fokelien van der Meulen de moaie bokaal útrikt. De koer fan Lolke waard ek troch it publyk keazen ta moaiste koer. In dûbeld súkses dus fan dizze flechter út Wergea. Der wie in oanmoedigingspriis foar de 13-jierrige Ate Kaastra út Mantgum. Hy leart sûnt dizze simmer it einekoerflechtsjen fan syn omke Willy Bergsma.
FK einekoerflechtsjen – Reduzum / Friens / Idaerd / Eagum Dorpssite