Wurksumheden op ‘de bult’

In favoryt kuierke foar in soad minsken, efkes in slachje oer de bult, it fiadukt oer de A32. Mar de provinsje is op it stuit dwaande mei ûnderhâld oan it fiadukt by Ideard (N 354, A 32 ). It dykfiadukt jout tagong ta de bushalte. Fanwegen de ûnderhâldswurksumheden is it winsklik om it paad tydlik ôf te sluten en dêrmei de bushalte tydlik ferfalle te litten. Foar Idaerders dy’t mei bus wolle, is der no in halte makke yn it doarp.