Doch it ljocht ùt

Jûn is der rûnom oandacht foar de pracht fan de nacht. It doel fan Nacht van de Nacht is om Nederlân tsjusterder en duorsumer te meitsjen. Al dy oerstallige ferljochting feroarsaket ljochthinder en enerzjyfergriemerij. Fansels kin eltsenien in bydrage dwaan troch de knop om te setten. Dêr’t wol ljocht nedich is, kin in kapke te pleatsen helpe sadat de omjouwing der gjin lêst fan ûnderfynt. Nacht van de Nacht.