Op ‘e kofje by âld-turnster Griet van Essen

Wa wit noch fan de turnprestaasjes en súksessen fan ús doarpsgenoate Griet van Essen, sûnt goed 50 jier Griet de Boer-van Essen? Nei wat gesneup yn âlde kranten en mei it nijs fan hjoed-de-dei oer de turnwrâld, wiene wy wol nijsgjirrich nei de ferhalen en avontueren fan Griet en wat it har yn har jeugd brocht hat. Griet hat fan alles fan dy tiid byholden, plakboeken fol! Nei in koarte skets fan dy jierren, rinne Dirk Vermeulen en Jantsje Kalsbeek de tiid opnij troch.