De keatsferiening kriget in nije namme

De keatsferiening fan ús trije doarpen hjit al sûnt minskeheugenis “Kaatsvereniging Jan Reitsma”.
Yn de folksmûle waard der al Reduzum efter brûkt. Mar mei de Wet iepenbierheid fan bestjoer waarden alle dokuminten ris opskjinne. It bestjoer hat de leden op de algemiene ledegearkomste foarlein om de namme te feroarjen yn Kaatsvereniging Jan Reitsma Reduzum. In mearderheid fan de leden keas derfoar dan de namme nei it Frysk om te setten. Dat sa, fan no ôf sil de feriening as Keatsferiening Jan Reitsma Reduzum te boek stean.