Sinteklaas yn Reduzum

Sinteklaas is fan ‘e moarn yn Reduzum oankommen, mar wol mei in Pyt minder. Dy wie siik en ek sûnder syn hynder Ozosnel. Dy wie op de Legedyk raar knoffele fertelde Sinteklaas. Bistedokter Frank sil sjen as hy Ozosnel wer oplaapje kin foar 5 desimber.
Nei in rûntsje troch doarp koene de pjutten en de bern nei de boppeseal. Master Arnold hie in spultsje foar de Piten betocht, hy hie de Piten efker de doar set en ferstoppe doe trije pipernútsekken efter de rêch fan in bern. Dy moasten de Piten doe opsykje.