De Trije Doarpen PC
Op snein 28 augustus wurdt de Trije Doarpen PC mei sachte bal ferkeatst. Elkenien út de trije doarpen wurdt fan herte útnûge om mei te dwaan. Der wurdt keatst mei in sachte bal, dus it is tige leechdrompelich. Leden binne frij fan ynlis; net-leden betelje € 7,50 of kinne lid wurde. Opjaan kin oant tongersdei 25 augustus 19.30 by Piet Brouwer (06 15949055). Nei ôfrin is der in BBQ foar keatsers en publyk, foar elts dy't dat wol. Kosten dêrfoar binne € 12.50 p.p. Ek hjirfoar opjaan foar tongersdeitejûn. De organisaasje op dizze dei is yn hannen fan Sjouke van der Ley en Rein Fluitman. Om 13.00 gean we los. Sponsor fan dizze partij is Eetcafé ’t Goede!