Redúster Skûtsjesilers

Nei twa simmers sûnder SKS- en IFKS-sylwedstriden, binne de skûtsjeskippers en bemanning harren wer folop oan it tarieden foar it nije seizoen.
Dochs hawwe de skippers en oanhang de ôfrûne 2 jier beslist net stilsitten, mar wol oan ït roer sitten, yn ‘e touwen hongen en oan ûnderhâld dien. Yn Reduzum ha we ek ynwenners, dy’t mei sile op in skûtsje of op in oare wize by it skûtsjesilen belutsen binne. Watfoar ynfloed hat dat op harren libben en harren húshâlding?
Nei’t we mei guon fan harren om tafel sitten ha, binne wy ek benijd út hokker hoeke de wyn yn augustus waaie sil en hoe’t de seilen der dan by stean sille.
Earst ha we by Sijmen en Geartsje Bergsma west en harren ferhalen achter it skûtsjesilen heard.

Sijmen en Geartsje komme beide fan Wergea. Sijmen wurke by de ABN yn Ljouwert en letter by de Lânynrjochtings tsjinst. Geartsje stie foar de klasse op skoalle yn Wytgaard en letter op It Hearrenfean by OSG Sevenwolden. Op Tsienzerbuorren fûnen se in gaadlik plak, dêr’t se 15 jier wenne en 2 soannen, André en Erik, krigen ha.

Doe’t dy nei skoalle soene, fûnen se it eins te gefaarlik, ek foar de hûn, dêr oan de trochgeande dyk, dy’t je altyd oerstekke moasten.
Dêrom binne se doe ferhuze nei de Buorren en yn 2008 binne se op ‘e Terp kaam te wenjen. Se binne yn Reduzum ‘hingjen’ bleaun, sieten oeral yn en benammen Geartsje koe op in stuit, mei troch de bern, eins elkenien yn Reduzum.

Hoe binne jim mei it skûtsjesilen yn oanrekking kaam?
Sijmen: ‘Dat is by ús thús mei de ‘brijleppel’ ynjûn. Us omke Tjitte Brouwer, in sweager fan ús mem, wie yn de 60-er jierren fokkenist op it Grouster Skûtsje en dat folgen wy thús en op it wetter fansels altyd. Letter waard er skipper op it skûtsje fan Hearrenfean en waard fuort kampioen en letter noch 5 kear. Ik sels bin begûn te silen mei in skouke mei in âld ierappelsek as seil. Foar de wyn sile, werom roeie. Letter ha we 25 jier in Centaur hân, in polyester sylboat fan 6.20m. Yn 1998 ha we dy ferruile foar in motorboat sadat we mei de jongens achter it skûtsjesilen oan koene. In stabyl skip, dat we yn Grou lizzen ha en sa mei fuortfarre kinne. Mei ús jonges gongen we doe altyd 14 dagen mei de boat op fakânsje en nei it skûtsjesilen. Soms leine we yn in haven en in oare kear earne yn de ‘middle of nowhere’, mar altyd by oare boatsjeminsken dy’t sa by ús oan board kamen foar in praatsje en in ‘bakje’. We ha ûnderweis altyd in protte kontakten.
En as we ris sile wolle, hiere we no in Valk by ‘Anja’ yn Grou en kinne sa de Pikmar op.’

En no sels skûtsjesile?

‘Troch ús soan Erik bin ik frege foar it skûtsje ‘de Tajèfte’, fan eigner Cees Riezebos fan Hylpen. Dit izeren skûtsje fan krapoan 19 meter en 41 ton, mear as 100 jier lyn boud op skipswerf Bijlsma yn Warten, is hielendal opknapt en revisearre. Cees woe dat der noch wat âldere minsken mei sile koene en hat dêrom de namme ‘Tajèfte’ jûn, bedoeld as senioaren skûtsje. Mar no bestiet de bemanning foar de helte út wat âlder (rûtine) en foar de helte út kracht patsers. Roel Wester, siler út Grou, is de skipper (stjoerman) en Erik, dy’t no yn Grou wennet, sit by de fok. Ik bin swurdeman en soargje mei de peiler dat it stjoerboard swurd der goed yn sit. Mei hurde wyn binne dit plakjes dêr’t jo dan net hielendal droech bliuwe, mar it is in prachtige beleving.

Ik far ek wol mei ploechjes op in âlde boere pream fan Jentsje Jonker. Mei dizze pream sile we ek yn ‘e kompetysje. Ek Redúster Dooitze Kamstra is op dizze pream fêst bemanningslid. Jentsje en Dooitze binne ek beide frijwilliger by it Skutsje museum. Op in gegeven momint hat Erik in pear kear mei west om yn te fallen. Hy fûn dat moai en doe’t er yn Burgum wenne, is hy as bemanningslid op it skûtsje ‘Wâldwiif’ út Koatstertille kommen. Dêr wiene te min minsken oan board en doe bin ik fia Erik derby frege en yn 2018 ha ik doe foar it earst mei syld yn de IFKS-kompetysje as ynfaller op it ‘Wâldwiif’ en no yn 2022 dus op de Tajèfte as fêst bemanningslid. Ein augustus sille we foar it earst, mei in nije ploech mei de Tajèfte sile yn de C-klasse by de IFKS.

Neist it silen is der fansels ek ûnderhâld nedich. Dit wurdt yn ‘e winter dien troch de bemanning yn de ferwaarme loads yn Grou. Der moatte ûnderdielen ferfongen wurde, skildere wurde en al sa mear.
Ein maart is it skûtsje wer yn ’t wetter kommen en alle tongersdeitejûns binne we mei de bemanning oan it trainen op ‘e Pikmar en de Ie en dogge we wol mei oan foarwedstriden, lykas ‘de Slach om Heech’.
Tradisjoneel wurde de SKS- en de IFKS-wedstriden yn de boufakfakânsje syld. De earste twa wiken de SKS en de lêste sân dagen de IFKS.
By de IFKS wurdt syld yn 4 klassen, mei in grutte fariaasje yn útsette banen op it wetter. Dit giet hieltyd strukturearder; der is tidens de wedstriden in skiedsrjochter op it wetter en dy nimt ek besluten tidens de wedstriid.

It Skutsje museum
Sijmen: ‘Doe’t ik mei pensjoen gong, 7 jier lyn, bin ik as frijwilliger begong by it Skutsje museum yn Earnewâld foar allerhande ‘klussen’, boekings en as ponghâlder. Dat is altyd wer moai: rûnliedingen en ferhalen fertelle oer it skûtsjesilen, de minsken derachter en mei groepen it wetter op mei it houten skûtsje ‘Aebelina’. Ek ha we sûnt koart in digitaal taal-lespakket foar skoalbern: ‘Pake syn skûtsje’. Ien fan dy lessen fynt op lokaasje plak en dêr ha we it no hiel drok mei. De Trije Doarpen skoalle hat noch net west, mar dy ferwachtsje we fansels ynkoarten ek.
Ek ha we sa no en dan bysûndere gearkomsten yn it museum, lykas begjin juny it ôfskie fan âld skûtsjeskipper fan Grou, Joop Mink út Wergea. Hy is op in boat fan Wergea, oer Warten nei Earnewâld fearn, dêr’t woansdeis de famylje kondolearre wurde koe en de tongersdeis de ôfskiedstsjinst holden waard.
It museum is fan ein april o/m de hjerstfakânsje alle wykeinen iepen en yn de fakânsjes en yn july en augustus troch de wike ek.
Foar groepen kinne jo it hiele jier troch boeke.’

Geartsje is op in oare wize by it skûtsjesilen belutsen:
Geartsje: ‘Doe’t ik mei pensjoen gong yn oktober 2020 ha ik earst de biblioteek yn it ferboude Skutsje museum ynrjochte mei goed 400 boeken en it hiele argyf fan Willem Tjerkstra.
Ik holp ek al mei yn ’e kantine by groepen, as Sijmen de rûnlieding die. En dat doch ik noch steeds.
Ek kaam ik op Facebook in advertinsje tsjin fan it skûtsje fan Huzum, wêryn’t in nij bestjoerslid frege waard. Mei 2 oare kandidaten ha ik dêrop sollisitearre en bin ik oannommen foar it sekretariaat en it ferstjoeren fan de rekkens nei de stipers en bedriuwen. Dizze sponsoaren soargje foar in budzjet om sa elk jier wat oan it skûtsje fernije te kinnen. Mar de âlde skûte koe de slach mei de oaren net byhâlde. De oare skippen waarden ferlinge en de mêsten fersetten en sa. Oan it skûtsje fan Huzum moast gewoan te folle barre. Doe hat skipper Johannes Meeter de kommisje fan Huzum sa fier krigen om in oar skip de keapjen en sûnt dy tiid docht it Doarp Huzum (LM) wer mei.’

Sijmen memorearret noch efkes: ‘Oer dy Meeters binne sokke prachtige ferhalen te fertellen.’
Yn de hal by de foardoar leit bij harren thús in steapel Skûtsje journaals 2022 en nijsbrieven, dy’t Sijmen en Geartsje de kommende tiid troch de provinsje by de stipers útsutelje moatte.
Ha jim noch tiid foar oare hobby ‘s?
Sijmen: ‘O ja hear. Tennis, fytse, wat muzyk meitsje en fansels alles lêze oer de skutsje histoarje.’
Geartsje sit ek noch yn it bestjoer fan it Frysk Bûn fan Binnenfiskers, as sekretaris. Troch Ale de Jager is se hjir foar frege. Fryslân hat noch tolve beropsfiskers. Dit giet om hiele oare saken as it silen, sa as fisk kwota, útsetten fan fiskjes, monitoaren fan fisk foar de provinsje, ensfh.
Geartsje: ‘Ik lear hjir bygelyks wat it oer it wurk fan de fiskers, wat it ynhâldt en wêr’t se tsjin oan rinne en hoe’t it sit mei de fiskstân.’

Byt it skûtsjesilen en it berops fiskjen elkoar net?
Geartsje: ‘Mei it Skûtsjesilen hellet Ale syn fûken op guon plakken, lykas de Tynje by Grou, tydlik út it wetter. De plezier silers kinne de fûken wol omsile, al giet dat wolris mis, wylst de fûken dúdlik markearre binne mei flachjes.’ Ta beslút is it noch wol aardich om te fertellen, dat de Bergsma ’s as húshâlding alle jierren tidens de SKS-wedstriden in famylje-wedstriid hâlde. Se meitsje by elke wedstriid op foarhân in listke mei it plak wêrop oft se tinke, dat de dielnimmende skûtsjes einigje sille. Alle dagen kinne se hjirmei punten skoare en wa’t nei 14 dagen de measte punten hat, traktearret de oare famyljeleden op in itentsje. . . .
Sa hâlde se elkoar by de les!

Jantsje Kalsbeek en Dirk Vermeulen