Jiergearkomste Linepraat
Doarpskrante Reduzum e.o., útjouwer fan de Linepraat, nûget har leden, frijwilligers en redaksje út foar de jiergearkomste op tiisdei 14 maart 2023 om 20.00 oere yn De Trije Doarpen Skoalle.
Aginda:
- Iepenjen
- Meidielings en ynkommen stikken
- Jierferslach 2022
- Ferslach jiergearkomste 2022
- Finansjeel oersjoch / begrutting;
- Tariven advertinsjes
- Tariven abonnees
- Ferslach kaskommisje, Sietske Hijlkema en Geeske Smorenburg; beneamen nij (reserve)lid
- Bestjoersferkiezing:
– ôfrêdend en net wer te kiezen: Jantsje Kalsbeek, foarsitter
– kandidaat: Menno Wiersma; eventuele oare kandidaten kinne harren oant 10 maart melde by it bestjoer
- Oare saken:
- Oanpassings statuten en húshâldlik reglemint
- Gearwurking mei Reduzum.com
- Omfreegjen
- Slute fan de gearkomste
It bestjoer
Jierferslach 2022 fan de Linepraat, feriening fan de fjouwer doarpen.
De Linepraat, al sûnt 1979 in begryp yn ús doarpen, libbet en brûst! Alle moannen ferskynt er by elkenien fergees op ´e matte. En dat is allinnich mooglik troch de ynset fan al ús frijwilligers. Sa´n 30 minsken binne alle moannen fleurich en entûsjast yn ‘t spier. De redaksje, it bestjoer, de stinsel mannen, de paksters, de besoargers en alle minsken dy´t alle moannen in moai skriuwen by ús oanleverje, fertsjinje in grut komplimint. En ûnder lieding fan ús nije einredakteur waait der in frisse wyn. Nije biezems faaie skjin. En sa is it. Der binne in oantal nije rubriken, der wurde stikken en gedichten oanlevere, âlde ferhalen oer ús doarpen en harren ynwenners en nijsgjirrige saken dêr´t elkenien wol fan op ‘e hichte holden wurde wol.
Dit jier docht Ype Dykstra, dy’t yn de 3e klasse fan it VWO sit, syn maatskiplike staazje by ús. It is de bedoeling dat Ype alle ûnderdielen fan de Linepraat meimakket. Jantsje begeliedt him hjiryn en yn ‘e foarige Linepraat stie al in moai ynterview dy´t sy mei har beiden makke ha.
20 april wie it gelokkich wer mooglik om in ´normale´ jiergearkomste te hâlden. Der ha nochal wat wikselingen west it ôfrûne jier. Nei 9 jier pong hâldster fan it bestjoer hâldt Geeske der mei op. Se wurdt troch ús foarsitster Jantsje tasprutsen en tige betanke foar alles wat sy foar de Linepraat dien hat. Net allinnich 9 jier bestjoer, mar dêroan foarôfgeand ek al jierren ein redaktrise west en no, nei´t se út it bestjoer giet, bliuwt se noch as pakster belutsen en regelt se de besoargingen. Ja, sizze je Linepraat dan sizze je Geeske. Ek Ineke de Leeuw moat spitigernôch ophâlde as bestjoerslid. Har sûnens lit it net langer ta. We bringe in blomke en ús tank by har thús. En ´last but not least’ hâldt Anneke op as ein redaktrise. Se ferhuzet mei har gesin nei Ealsum. Se ha dêr in prachtige pleats kocht en sille dêr fierder buorkje. En ja, dan leit Reduzum te fier fan ‘e rûte…… Lokkich ha we wer minsken ree fûn om harren plak yn te nimmen. Jet Andringa wurdt de nije pong hâldster, Sietie Boersma wurdt algemien lid en Dirk Vermeulen de nije einredakteur. Ek by de paksters (op woansdei) is fersterking, mei Minke v.d. Haak en Klaasje Sikkema.
Fanôf april sjocht de Linepraat der oars út. It foarblêd wikselt no alle moannen en ek krijt elkenien in ´bewaar blêd´ troch de brievebus, dêr´t alle belangrike tillefoannûmers en (mail)adressen ynstean fan de húsartsen, de bistedokter, de Sakeclub en de ferieningen mei de kontaktpersoanen. Dizze ynformaasje komt no net mear elke moanne yn ‘e Linepraat te stean, mar wurdt 2x yn ‘t jier oanpast en rûnbrocht.
Yn oktober ha we einliks wer ris ús jierlikse itentsje. We gean mei in man-frou as 20 nei Tjitske fan de Blauwe tinte. En no nimme we dan echt ôfskied fan Anneke. Se hat yn augustus en septimber waarnommen foar Dirk. En yn septimber ha we redaksjefergadering by har yn Ealsum hân, dêr´t se ús in rûnlieding jûn hat op harren pleats. No wurdt se nochris tank sein foar al it wurk dat se foar de Linepraat dien hat. Der wurdt Anneke in Itens bon oanbean dy´t te besteegjen is yn Dokkum. Kin se moai mei Hendrik dêr út iten. It is in hiele gesellige jûn. It iten is geweldich en de tinte sit grôtfol.
We geane mei syn allen wer fleurich fierder op dizze foet. Alle moannen in moai doarpsblêd ôfleverje, dat is ús doel. We soene noch wol in pear minsken brûke kinne yn de redaksje. Binne der ideeën en liket it dy leuk, mail ús op linepraat@gmail.com en kom der by.
Op 14 maart om 20.00 oere is de jierfergadering.
Wês Wolkom! Marjan.