Kom fierder!

Doarpsbewenners en bedriuwen mei in nijsgjirrich ferhaal dogge de doar foar ús iepen!


Gjin Peaske sûnder lamkes
Skiep, geiten, hinnen, in hûn… by Sietse en Alie Keizer yn Idaerd is it in gesellige bisteboel. Kom Fierder! mocht wol komme te filmjen. Sa kinne jim ek meigenietsje fan de lamkes.


Tegearre kinst mear as allinnich
De famylje Roorda wol graach yn ‘e lijte sitte en in bytsje út it sicht. In skutting kin de oplossing wêze. Dy moat fansels makke wurde.
Pieter rêdt it allinnich net op dêrom hat er in timmerfeint, mar wa is dat?


Wat bart der allegearre op it stimburo. De redaksje gong op paad en makke in lytse reportaazje. Neidat ien minút foar njoggenen de lêste stimmer in hokje read kleure hie koe it tellen begjinne. Mar wa hat de kaai fan de kontener?

Mei stipe fan it Tsjerkefûns, de Sakeclub, Pleatslik Belang Friens, Pleatslik Belang Idaerd/Eagum/Hoflân en Doarpsbelang Reduzum krigen alle húshâldens in moaie roas. In bytsje leafde fan ús foar dy. Of te wol omtinken foar in oar. Guon fan harren hiene in bysûnder ferhaal. Jelly en Frederik lútsen der mei kamera op út.


Yn Kom Fierder! dizze kear Tsjeard de Vries. Hij is ‘fan’ fan GMC.
We sjogge by him yn it hok. We komme der fanalles tsjin en we moetsje Black Betty.


Welke Redúster bakt de lekkerse oaljebollen? Chef André Zijlstra besjocht, rûkt, fielt en keurt se. Wa mei him of har in jierlang beste oaljebollen bakker fan Reduzum neame.


Foar ús nije rubryk Kom fierder! waarden we flink ûnder hannen naam troch Shanika Alberda. Yn har massagepraktyk fertelt se oer de fijne kneepjes fan har fak.


Op de Trije Romers 3 stiet it bedriuw Meubel Outlet Friesland. We sjogge efkes by harren troch de doar. Annemarie Kuijper-Bakker fertelt wat se allegearre dogge en ferkeapje.