Ik doch mei!

  -/1
by Hester Brinksma
Published: 14 oktober 2021 (1 week ago)

Súnt in pear wike bin ik dwaande mei in foto kursus.

Ik woe dochs ris witte wat ik mei alle knopkes op it fototastel koe en ik woe net mear op de automaat fotografearre.
Nei in 3 lessen ha ik in foto fan ús rozenstrúken naam, om’t der in rúp op siet.
Doe’t ik de foto naam hie, bliken der mear beestjes op te sitten, dan allinne de rúp.
Hy hat de middei fan syn libben hân en syn búkje lekker fol iten.
Yn in blêd hie ik yntusken lêzen, dat der in fotowedstriid útskreaun wie troch National Geography. Ik ha de stoute skuon oanlutsen en de betreffende foto ûnder de namme “lekkere maaltijd” opstjoerd.
Wat in ferrassing, doe’t ik te hearren krige, dat de foto foldie oan alle easken!
Allinne it feit al, dat ik mei dwaan mei, is al in ear.
Noch leuker soe it wêze as de foto yn it Magazine fan National Geography  komt te stean. Hjirfoar moatte der genôch stemmen foar myn foto komme.
Dus net stinne, mar stemme!
Groetnis Hester Brinksma
Stemme kin op de site fan National Geography Fotowedstrijd 2021 yn ‘e kategory Landschap, ûnder de namme “Lekkere maaltijd”.
As fia de linkhttps://ngphotocontest-prod.azurewebsites.net/inzendingen/?id=57850