Appels en parren

Op De Terp stean sûnt 2009 sa’n sechtjin ferskillende apel- en parrebeammen. De fruchten falle rûnom fan ‘e beam. Dus de tiid fan it hofkesjongen is oanbrutsen. Wolle jim lekkere apeltaart bakke, of wurdt it apelsmots, rin dan earst efkes oer De Terp en sykje in lekker miel byelkoar. Hawwe jim lekkere resepten of wolle jim in foto mei ús diele, mail ús: redactie@reduzum.com.