De natoer om ús hinne

Bartle de Leeuw
Oan it Swin 5
9008 RE Reduzum
06-49714469
liuw@nedsight.nl

Bartle de Leeuw
Oan it Swin 5
9008 RE Reduzum
06-49714469
liuw@nedsight.nl


Blommen lâns it skulpepaadsje

Njonken it skulpepaadsje, oan it stik lân dat Jan Posthumus brûkt, is it in pracht om te sjen wat der allegearre groeit en bloeit. Yn juny tilde it op fan ferskate planten dy’t har bêst diene om op te fallen. De kuierders dy’t dêr geregeld lâns rûnen koene genietsje.  
Dat diene se lykwols net foar ús, mar om te soargjen foar neiteam (siedsjes), om der takom jier wer te stean. Der wiene allegearre kleuren. Wyt en giel kamen it measte foar. Mar der wiene ek blauwe, pearze, brune, griene, reade en rôze blommen yn lyts en grut formaat.  
Mei-inoar binne der sa’n 60 soarten yn it stik tusken it midden fan de sleat en it skulpepaadsje fan de âld strjitwei ôf it lân yn. Der sille grif mear soarten wêze, om’t der ek planten binne dy’t je allinne yn de maitiid tsjinkomme en oaren allinne yn de hjerst.

Hoe kin it no der sa’n grut ferskaat oan planten/blommen is? Soks komt omdat der gjin dong of keunstdong op de stripe lân tusken de sleat en it skulpepaadsje komt. Ek wurdt der net meand, sadat de planten harren sied rypje litte kinne en it wer útsiedzje.  

Om’t der gjin oanfolling fan mineralen is, wurdt de grûn elts jier in bytsje earmer en dan komme der oare soarten planten by dy’t har dêr thúsfiele, wylst der ek blommen binne dy’t har der net mear thúsfiele en ferdwine.   Jan, tige tank datst ús mei genietsje litst fan it moaie yn de natuer.


Dit binne de swelle soarten dy’t yn de trije doarpen en omkriten foarkomme.

De Boereswel sit meastentiids yn gebouwen (pleatsen, hokken of oerkapingen) en bout dêr syn nêst. Hja kinne somtiden wol trije kear jongen krije yn de simmer. Yn april binne de earsten hjir alwer en ein augustus dan sette hja of nei it waarmere Suden.

De Hússwel hat krekt in oare kleur as de Boereswel en ek de sturt is wat oars. Hja bouwe nêsten tsjin de huzen oan op plakken dêr’t de klaai goed hâld hat oan de stiennen. De nêsten sitte meastentiids ûnder in soarte fan ôfdakje, ûnder in oerstekkende daksgoate, mar yn els gefal drûch. Hja kinne ek wol trije nêsten mei jongen grutbringe yn in simmerskoft. Ein augustus, begjin septimber geane hja ûnderweis nei Afrika om dêr te oerwinterjen. It jier derop komme se wer werom op itselde plak (nêst) en dat sûnder tomtom.

Dan hawwe we ek noch de Toerswel, dizze is omtrint hielendal swart. Dit is de grutste fan de swellen. It is in fûgel dy’t hast alles yn de loft docht: ite, pearje, sliepe, drinke en mei-inoar prate. It iennichste dat se net yn de loft dogge is aaien lizze en jongen útbriede. Se komme hjir meast begjin maaie en binne ein july alwer fuort, dan reizgje se of nei it suden fan Afrika. Harren libben spilet him ôf yn de loft. Sa’n 90% fan harren libben bringe hja yn de loft troch.

As in Toerswel op ’e grûn rekket kin er net wer yn de loft komme. Hja litte harren út it nêst falle en dan fleane hja ek fuortendaliks. Treffe je ien op de grûn, dan it fûgeltsje in 1,5 meter omheech smite en dan fleane se wer.

Al dizze swellen frette in bulte miggen op, wol oant 20.000 op in dei as hja jongen hawwe. It makket harren net út wat foar soarte ynsekt, mar gjin ynsekten mei in angel. Foar de jongen meitsje hja der in baltsje fan en dat stopje se dan yn de gapjende bekken. As it hjir striemin waar is, dan kin it wol wêze dat hja boppe Frankryk oan it migge fangen binne. As it minne waar wer oer is dan komme hja werom nei it nêst mei de jongen. Dy geane yn dat soarte omstannichheden yn in soarte fan wintersliep. Heal july binne de jongen grut genôch om út te fleanen. Hja krije gjin fleanles, se moatte direkt de wjukken útslaan.

Under it fleanen kinne de Toerswellen bêst gong hawwe, wol oant 120 km yn de oere. It lûd dat je dan heare as se krekt boppe de huzen fleane is it triljen fan de loft (het gieren), sadwaande ek de namme yn in Nederlânsk fan Gierzwaluw.

De lêste jierren hat de Toerswel it behoarlik dreger krigen. Fan hûs út is it in rotsbewenner dy’t yn holten fan de rotsen syn nêst makket. Wy minsken hawwe foar harren rotsen op de huzen makke  as dêr romte ûnder is. Der moat foar harren wol in mooglikheid wêze om mei gong ûnder in dakpanne te sjitten, in dakpanne dy’t 2 sm heger leit as de pannen der omhinne is genôch. Of oars by de nok fan in hûs dêr’t gjin lead of semint sit om it ticht te meitsjen. Nijbouhuzen binne wat dat oanbelanget folle minder foar harren om in gaadlik plakje te finen

Alle swellen frette mei-inoar folle mear michjeguod op as dat wy deaslaan kinne. Oerdei dogge de swellen it en yn ’e nacht binne de flearmûzen oan bar en dy kinne der ek wat fan.