Nei Dinoland

Idaerder bern fine dino resten

17 september 2018

Juster ha de bern fan Idaerd en omkriten, nei Dinoland yn Swolle west. De bern wiene pas let thús, want ûnder it boartsjen yn sânbak fûnen se ek noch dino resten. Spannend! Se hiene it noch sa drok mei klimme, race op de skelters, lasergame, goud sykje, midgetgolf as gewoan lekker boartsje yn de boarterstún!