Nijs fan Plaatselijk Belang Idaerd


Jiergearkomste Pleatselik Belang Idaerd, Eagum en it Hoflân
13 maaie 2022 yn It Lokaal fan Idaerd.

Foarsitter Paule hjit eltsenien wolkom, yn it Lokaal. Der binne 30 minsken yn totaal. Bram Louwerse kontaktpersoan fan de gemeente, Pim Astro fan Grien Links en Lydia van Santen fan de PVDA  binne ek presint.

We sjogge werom; tusken septimber ’21 en no binne der dochs wer feroarings west. Pieter Knossen is ferhûze nei Grou, hy wol wol lid bliuwe, dat is moai fansels. It hûs is no fan Wim en Gretha Visser en sy sille it hûs ferbouwe. Frou Sjouk Huitema is yn febrewaris yn it sikehús rekke en koe net wer werom nei Idaerd. Sy wennet no yn Friesma State yn Grou. Nico en Froukje sille de nije bewenners wurde.

We sjogge foarút; Tsjerkepaad mei in tentoanstelling fan wurk fan Hans Jouta. Der binne 11 froulju dy’t har ynsette sille as gastfrou, geweldich.

Der kaam in skriuwen, -hast alles per mail tsjintwurdich- fan de gemeente oer de ‘uitbreiding gemeentelijke monumentenlijst Leeuwarden’. We kinne suggestjes oandrage foar nije monuminten.

De notulen jier gearkomst 25 septimber wurde lêzen troch Elske Roorda. It ferslach wurdt goedkard. It finansjeel ferslach 2021 en de begrutting en it jier plan 2022 wurde goedkard troch de leden en de kaskommisje. Decharge ferliene is in moaie beneaming hjirfoar. Dit ôfrûne jier wie troch pinningmaster Hantzen opsteld, Sabine nimt dizze taak oer. Applaus.

De kommisjes dogge ferslach. De dames fan de Behear kommisje binne der jûn net, mar wat sjocht it Lokaal der altyd sfearfol en netsjes út! Ek praktisch rint alles goed, útsein ien punt; der is soms gjin waarm wetter, moat de CV ris neisjoen wurde? De Technyske kommisje sil dit oppakke. En op de bûtendoarren bleddert de ferve, de skilder seit dat it in focht probleem is. De Berne kommisje: Rôtreugeltsje en Sinteklaas wie wer gesellich. En it doel is noch in reiske. De Grien kommisje: De Jeu de boulebaan komt te praat, wat dogge we hjirmei?

De karbrief feroaring, statutenwijziging, it konsept wurdt taljochte, Jo kinne aanst noch max. 9 jier yn it bestjoer sitte. De Finansjele ferantwurding oan de leden mei, by útsûndering, ek binnen 9 moanne. De digitalisearring giet fierder, mar op papier bliuwt mooglik. We stelle fêst op 3 juny 2022 in ekstra gearkomst  te hâlden om dizze statuten oan te nimmen, we rekkenje op in grutte opkomst.

It reglemint behear kommisje it Lokaal is ek opfrist, de leden stimme yn mei dizze nije ferzy. De priisferheging foar de konsumpsjes giet per 1 septimber 2022 yn. Fierder is der praat oer digitaal beteljen vs kontant jild yn it Lokaal, de ynlis fan de soos en it innen fan de kontribúsje. Elske Roorda-Posthuma treed ôf nei 4 jier en Mardjantie Stienstra wurdt beneamd, mei goed finen fan de gearkomst, as nij bestjoerslid yn de funksje fan siktaris. Elske kriget in moaie blom as tank.

It idee fan Femke de Vries foar in boarterstún is bepraat mei de omwennende. Spitigernôch kin dit net trochgean.

Jan Wester fertelt mei passy oer de Eco Hoop.

By it omfreegjen komme der ferskiedene fragen en opmerkings, dy’t it bestjoer oppakke sil.

Ut namme fan it bestjoer, Elske Roorda-Posthuma                                                                                                     14 maaie 2022