Nijs fan de kuorballers


It kuorbalseizoen rint wer nei syn ein. Op snein 3 juny hat de seizoensôfslúting nei de lêste wedstriid fan 1&2 op it sportfjild yn Reduzum. Dit kear gjin barbecue mar Mid-Fryslân op wielen. In foodtruckfestival foar leden, frijwilligers, sponsoren en supporters. Omdat we tige wiis binnen mei alle minsken dy’t harren ynsette foar de klup.

 

Op sneon 9 juny is de rommelmerk yn Reduzum. De rommelmerk wurdt dit jier organisearre troch KV Mid-Fryslân/Jansma Burdaard en de opbringst is ek foar de kuorbalferieniging.

Set de datum yn de aginda en goai neat fuort want dat kin misskien noch ferkocht wurde foar it ‘goeie doel’. Op moandei te jûn (4 juny) wurdt it guod ophelle. Mear ynfo kinne jo fine op de webside. 

 

De algemene ledenvergadering sil dit jier plak fine op 28 juny yn Grou.


Stikje Arnold Bouwmeester:

Kuorbal “top”sport?!
Freegje se oan my om it kuorbaljen fan’e seleksje dit jier efkes yn in pear wurden gear te fetsjen. It earste wat yn my opkomt is de titel dy’t hjirboppe stiet.
Wêrom dizze sin sille sommige minsken sizze. No, as je krekt as ik wat neier by de seleksje belutsen binne, kin je hjir wol antwurd op jaan.
Myn antwurd sil wêze: kuorbalje by Mid Fryslân yn’e seleksje is topsport!
Twa kear yn’e wike mei mear as 200% ynset traine, oare dagen der neffens libje en yn it wikein faaks twa dagen dwaande mei kuorbal, dat wie wat dit jier faak barde.
Om’t ien en twa faaks net op deselfde dei spilen, moasten se faak fan ien mei twa en fan twa mei yn mei. Klaaie? Nee, nea waard der klage troch de spilers.
Wat hat it opsmiten dit keihurde wurkjen tidens dit jier: it kampioenskip yn’e seal foar it earste, it kampioenskip yn’e seal foar it twadde.

It earste dat noch ien punt nedich hat om ek op it fjild kampioen te wurden. It twadde duorret it kuorbaljen krekt wat te lang, it wol net mear sa’t we allegearre graach wolle.

Noch twa wiken der tsjinoan, twa kear winne en ek hja kinne noch kampioen wurde.
In jongesboek?! Ja, sa kin je it wol neame. Op alle fronten kampioen wurde, is tige knap op dit nivo. Takom jier mei it earste op it fjild en yn’e seal spylje op it ien nei heechste nivo fan Nederlân is tige knap.
Mid Fryslân slacht harren fleugels út. Ek op’e transfermarkt is goed buorke, echter we ferjitte ús eigen leden, de belangrykste, absolút net.
It hat in protte enerzjy koste foar eltsenien dy’t belutsen west hat by de seleksje dit jier. It hat ek hiel wat opsmiten. We kinne fol grutskens werom sjen op dit kuorbaljier. Eltsenien tige tank foar de stipe op hokker wize dan ek. We hoopje takom jier wer op jimme rekkenje te kinnen.