Nasjonale pankoeksdei
Hjoed is it nasjonale pankoeksdei. Op dizze dei bakke de skoalbern in pankoek foar de âlderein. De bern fan de TDS hawwe dit juster al fierd. Se bakten foar de dielnimmers fan Cafemed, de koersballers yn it lokaal fan Reduzum en bewenners fan Idaerd. Op skoalle waard der ek lekker smikkele fan de pankoek. Foar wa bakke jim hjoed in pankoek?