Linepraatsjes

Lekker eten doe je samen

25 juni 2022

De laatste woensdag van de maand is het gezamenlijk eten om 12.30 uur in het lokaal aan de Ayttawei. Elke maand wordt er gretig uitgekeken naar deze dag dan om met zijn allen te genieten van wat die middag wordt voorgezet. Maar… daar zijn natuurlijk ook mensen voor nodig die het leuk vinden om te koken en voor de ander iets lekkers klaar te maken. Denkt u, ik wil wel eens een lekkere maaltijd klaarmaken, neem dan contact op met Jelly van der Zijl. Mail adres: t.postuma@kpnplanet.nl telefoon nr. 0566 602399.

Jeu de Pelote toernoai úteinset

24 juni 2022

Ofrûne moandei starte it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de pelote (Belgysk keatsen, 5 tsjin 5) yn Easterlittens. Reduzum koe op dei ien drok yn aksje, dizze kear tsjin Boalsert. Sa keatsten Jesper Tolsma, Johannes Gerben Brinksma, Pieter Roorda, Alfred Postma en de troef Sjoerd de Boer in poerbêste pot. Boalsert wie net bestân tsjin it spul fan de Redúster spilers, dy't al gau de 100 man besikers op de hân hie. Nei 4-1 foarsprong kaam Bolsward wat werom, mar mei wat gelok en knappe punten waard it 7-4 en koe Boalsert binnen it oere spyltiid net mear weromkomme. De 2e omloop tsjin Winsum is op moandei 27 juny om 20.00 oere.

Oprop foar materiaal

23 juni 2022

It wurdt 2 july fansels allegear prachtich op it terrein fan Sjoerd en Nynke. Mar om it allegear noch moaier foar jim te meitsjen, kin it M.I.L.F. team noch wol wat guod brûke. Hasto wat fan ûndersteand listje en hoecht it net werom? (resten) Ferve, it leafst kleur, kwasten, spegels, lapen stof, (flier)kleden, kessentsjes....
Do rommest fuort dyn garaazje/solder op en de crew wol it graach hawwe! Win-win! It guod mei ek brocht wurde op D.S. Bangmastrjitte 9.

Kaartferkeap Godlize Kommedzje 2.0

22 juni 2022

Op 'e earste dei fan 'e simmer krige Theatergroep Fier al bûtenlânske besite yn Friens! Fertsjintwurdigers út Servië, Finlân, Denemarken en Ierlân wiene hjir yn it ramt fan it Europeesk útwikselingsprojekt 'Culture Up' (mei Keunstwurk, provinsje Fryslân en Arcadia).
Kommende moandei binne alle frijwilligers wolkom op de generale, en woansdei is de premjêre foar it grutte publyk. Ha jim al kaarten besteld foar dizze hilaryske en tagelyk konfrontearjende komeedzje fan skriuwer Sietse de Vries en regisseur Job de Roo?

Zondag oecumenische openluchtdienst Wirdum

22 juni 2022

26 juni is er geen dienst in Reduzum. Iedereen is welkom op de oecumenische openluchtdienst in Wirdum. Gastpredikante Ds. Joke van Doorn kan na haar val nog altijd niet voorgaan in de kerkdiensten. Vandaar dat er wordt uitgeweken naar een buurgemeente. Vervoer is onderling te regelen en als dat niet slaagt, kan er voor vervoer worden gezorgd. Route: van de grote weg richting dorp bij brug linksaf richting autobedrijf Haaima. Vervolgens wijst het zich vanzelf, middels bewijzering bord.

Legen oud papier containers

21 juni 2022

Wilt u, als woensdag de oud papier containers geleegd worden er om denken dat:
– de bakken BIJELKAAR staan met het handvat naar de weg.
– Stamp het papier NIET VAST in de bak en maak lege dozen PLAT. De boel blijft anders steken.
– Zet de bak alleen bij de weg als er BEHOORLIJK WAT in zit.
Als u de bak vol heeft kunt u het papier ook in een doos bij de weg zetten.

Werk aan de weg in Friens

20 juni 2022

Er wordt komende tijd hard gewerkt aan de Beslingadyk richting schelpenpaadje. Er zijn zeven betonplaten uitgehaald. Bekisting ligt er al in. Hoogteverschil met de nog liggende platen en uitgegraven gedeeltes is 15 tot 25 cm.

Kopij Linepraat

19 juni 2022

Hawwe jim nijs fan jim feriening, in resept dat jim graach diele wolle as oar nijs wat de doarpsbewenners witte moatte? Klim dan dit wykein noch yn de pinne. De kopij fan de Linepraat moat woansdei 22 juny wer by de redaksje wêze.
Kopij kin skreaun of fia de mail oanlevere wurde yn Word, Tekst NET oanleverje yn PDF.
De nije Linepraat ferskynt tongersdei 29 juny (yn july komt der gjin Linepraat).

Tagonklikheid boarterstún

18 juni 2022

De boarterstún oan de Smedingstrjitte is troch Doarpsbelang oanpakt: de stoepe is op twa plakken ferlege mei in 'oprit' en der is in skulpepaadsje kaam. Dit is dien om de tagonklikheid te fergrutsjen. It sjocht der wer kreas út. Doarpsbelang is ek noch mei de gemeente oan it sjen as der in boarterstastel komme kin foar bern mei in handicap. Hooplik slagget dat takom jier.

Yn petear mei de nije kosters

17 juni 2022

Yn de rin fan it ôfrûne jier hawwe de kosters fan Reduzum en Friens nei in protte ‘tsjinstjierren’ harren stokje oerdroegen. Wieke van Dellen is ferhuze nei Friesmastate yn Grou en Itteke de Leeuw regelet no de saken foar de tsjerke, dy’t Wieke jierrenlang dien hat. Yn Friens ha Piet en Janny Sjonger nei mear as 55 jier de kaai fan de tsjerke yn Friens trochjûn oan Sybren Posthumus. Sawol Itteke as Sybren wenje yn Reduzum en Marjan en Jantsje wiene der wol nijsgjirrich nei wêrom en hoe’t it kosterskip op harren paad kommen is.




Uitgelicht

Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie