Kampioen doarpekompetysje
Mei noch ien wedstriid te spyljen binne de manlju fan Follybalferiening Stânfries net mear yn te heljen. Tsjinstanners as Ljouwert, Grou, Sibrandabuorren, Akkrum en twa teams út Wytgaard litte se efter har. It frouljusteam siet ek yn 'e kompetysje. Sy dienen it ek net ûnfertsjinstlik. Dit alles is mei mooglik makke troch de sponsors: Jan en Trudy Electra Reduzum en Jeroen en Lutske Café bar de Welp.