Linepraatsjes

Geloksgedicht

20 juli 2020

Reduzum is al lekker op dreef! In jûn brainstromen yn Cafe bar de Welp (op oaral meter ôfstan fansels). En der binne al moai wat briefkes ynfolt. Wol jo ek noch jo ‘gelok’ bydrage foar it grutte ‘geloksgedicht’?
Graach! Dat kin fia dizze link

Blommen lâns it skulpepaad

19 juli 2020

Njonken it skulpepaadsje, oan it stik lân dat Jan Posthumus brûkt, is it in pracht om te sjen wat der allegearre groeit en bloeit. Yn juny tilde it op fan ferskate planten dy’t har bêst diene om op te fallen. De kuierders dy’t dêr geregeld lâns rûnen koene genietsje. Dat opfallen diene de planten lykwols net foar ús, mar om te soargjen foar neiteam (siedsjes), om der takom jier wer te stean.

Kom fierder!

18 juli 2020

Op de Trije Romers 3 stiet it bedriuw Meubel Outlet Friesland. We sjogge efkes by harren troch de doar. Annemarie Kuijper-Bakker fertelt wat sy allegearre dogge en ferkeapje.
Se binne freeds en sneons fan 10 oant 17.00 iepen.
Kom fierder!

Lekker bakje op ‘e Ienpleats

17 juli 2020

Sûnt in pear wiken is der foar kuierders en fytsers in Rustpunt oan de Ienswei.
Op it hiem fan molkfeebedriuw de Groot, is der in prachtich plakje makke. Je kinne der foar in pear sinten in bakje kofje, tee of fris krije en wa wit hat Els ek noch wat lekkers bakt, foar derby. Der lizze ek spultsjes, dus ek foar bern in moai plakje.

Raket lancering

16 juli 2020

Foarige wike stiene der by Trije Romers ynienen minsken stil. Want wat barde der yn’t lân by Jan Posthumus? It gong om  lansearring fan in oantal  raketten!
Besjoch hjir de fotoos

Fusie kernwerkgroep en verkeerswerkgroep

15 juli 2020

Doel en functie van de kernwerkgroep is in de loop der jaren veranderd. Er zijn veel raakvlakken met de verkeergroep op zowel inhoud als bezetting van de werkgroep. Dit is de aanleiding geweest om te komen tot een fusie van beide werkgroepen tot de ‘Wurkgroep Romtlike Saken’. Tot de ledenvergadering van 2021 werken ze op proef. Daarna wordt er gekeken of dit in de toekomst ook werkzaam is en blijft.

Klear foar de fakânsje

14 juli 2020

De knyntsjedagen binne begûn, ek op’ e haven.
Elkenien stiet yn startblokken foar in koarte fakânsje…….sels de kninen.

It is strânwaar

13 juli 2020

Lekker genietsjen op in hândoek op it strân. As mei freontsjes sânkastielen bouwe. It kin wer.
It is mei dit sinneskynwaar in prachtich plak op it strân fan it Swinlân. Lit de sinne mar komme.

Slagge keatswykein

12 juli 2020

De earste keatswedstriden fan dit seizoen binne dit wykein ferkeatst. Juster wiene de jeugd wedstriden en hjoed koene de grutten los. De spilers, it publyk mar ek it bestjoer koe werom sjen op in tige slagge wykein.
We kinne wer genietsje fan de moaie kransen dy’t rûnom hingje.

Geloksbrievebus by kafee

11 juli 2020

Wêr wurdsto gelokkich fan? Hawwe jim de kaart al ynfult, of it artikel ut de linepraat? De brievebus stiet noch oant dizze wike by kafee de Welp. Gooi de kaart net yn bus, dizze is troch de rein wiet fan binnen.
Moandei 13 july om 20:00 oere sil Janneke de Haan fan Tryater útlis jaan oer it projekt. Mar boppe alles is se benijd wêr’t wij as Redústers lokkich fan wurde. Wolst meiprate, meitinke dan kinst dy oanmelde by janetwijnstra@icloud.com (swinlân)

Di. 11 augustus

Do. 13 augustus

Zo. 16 augustus

Di. 18 augustus


Uitgelicht
Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie