In bytsje leafde fan ús foar dy!

Wat wie it in moaie dei, 14 febrewaris. By ús, de redaksje fan Reduzum.com, ûntstie nei de slagge oaljekoekewedstriid fan âldjiersdei it idee om ek wat te dwaan mei valentijnsdei. In aksje foar de ynwenners fan ús doarpen, om’t elkenien yn dizze tiid wol wat ekstra leafde brûke kin.

Mar wat dan? Mei stipe fan it Tsjerkefûns, de Sakeclub, Pleatslik Belang Friens, Pleatslik Belang Idaerd/Eagum/Hoflân en Doarpsbelang Reduzum koene we moaie roazen fan Bloemtique krije. Dizze roazen hawwe wy tegearre mei frijwilligers fan de wurkgroep wolwêzen, de aktiviteitenkommisje en Jouke van der Werff hûs oan hûs rûnbrocht. Gjin hynder en wein, of in ‘All you need is love’ caravan, mar de Mercedes fan Jouke makke it net minder romantysk.

Mei fleur en faasje waarden de roazen by elkenien yn Reduzum, Friens, Idaerd en Eagum oan de doar brocht. Mar ek op ‘e dyk en op it iis en by de Swette waard sa waarmte brocht. Minsken wiene bliid ferrast. Fansels ha we fan dizze aksje wer in aardich filmke makke. Dit filmke is te finen op de site, YouTube, Facebook en Instagram, krekt as dizze moaie reaksjes dy’t we krigen hawwe op de aksje:

Marjolein van der Meulen-Maenen
Wat een leuke actie, vanochtend een mooie roos gekregen, met dank aan de initiatiefnemers

Folmerdina Pool
Zo lief!

Jantsje Kalsbeek-Nauta
Wat in leuke ferrassing!

Janneke Broers
Heel leuk!

Jan Willem En Willeke Schreiber
Erg leuke attentie, nogmaals dank!

Sigrid Dirks
Erg leuk word gewaardeerd.

Karin Hempenius
Hiel mooie aksje

Herman Hoogendijk
Ik ben er blij mee was een grote verrassing

Renske Rooth
Dank jullie wel   wij wonen pas een maand in dit mooie dorp en ik moet eerlijk bekennen dat ik wat hulp nodig had met jullie lieve briefje maar echt super leuk!  (verstaan gaat redelijk tot goed maar het lezen van Fries is voor mij nog best lastig  …

Tjimkje Gorter
Bij thus kommen roos foar de doar dit docht een mins goed bedankt

Sido de Schiffart
It is seker in machtige aksje

Paule Schaap
Noflike Valentijn foar de minsken fan ús doarpen #Eagum #Idaerd mei tank oan #Reduzum foar de roas.

Monique Hoekstra
Bij zo’n liefdevolle verrassing op deze #valentijnsdag, mag je toch gerust stellen dat we wonen in een tópdorp!

Sytske Jonkman
Super leuk! Dankewol

Heleen Klopper
Bedankt! 😊

Besjoch in fotoympresje