DIFDD 2.0

Doch it foar dyn doarp


Witte jimme it noch?  Njoggen jier lien by de doarpshaven?
It 2-de grutte TV spektakel fan Reduzum.
In wike lang “het reilen en zeilen” fan Pieter en Lieuwe.
In wike lang ús mienskip dy ’t harren presentearret oan Fryslân, oan de wrâld.En dat allegearre foar dy haadpriis fan doe €10.000.Helaas haw we dy net wûn, mar wat wie it in feest (ek nei de útstjoering).
En no 9 jier letter sjogge we der op werom.
Kommende wike(n) fanôf freed 12 juny. Sil der in livestream te sjen wêze mei der yn: De âlde útstjoerings, nije petearen mei de haadrolspilers fan doe. Mar ek petearkes oer en mei de takomst fan Reduzum.

Wanneer: op 12, 13, 15,17 & 19 juny om 20:00 oere

Wer: de livestream is te besjen op https://www.youtube.com/channel/UCMY9GbxaXtiXfQccYr9L-uw (of sykje op youtube + reduzumonline)

Sjoch en doch ek mei en lit dyn reaksje efter yn de chat. Fertel us dyn moaiste herinnering. Dit kin yn de Chat fan it Youtube kanaal fan Reduzumonline of mail ús dyn ferhaal.

En brûk (no al) #difdd2020 op dyn sosjals!!

Foar no: doch mei oan de priisfraach: Wa bin de “Mystery Guests” ? 
Jouw dyn antwurd troch op difdd2020@gmail.com 
Diegene dy as earste it goede antwurd ynstjoerd wint in leuke priis.
Maximaal 1 antwurd per dei per emailadres.

Op https://www.facebook.com/Sjen.Hearre kinst regelmjittich in nije hint fine foar it goede antwurd.

De stream wurd mei moogelik makke troch Sjen & Hearre, livestreaming.