Reduster doarpsliet

Oan ‘e  iene kant it spoar oan de oare kant de wei
dêr tusken Reduzum, dat doarp leit ús sa nei.
Mei greiden op ‘e  klaai mei de bêste Fryske kij
Reduzum ik hâld sa fan dij.

refrein

Reduzum, doarp do bist fan my; ‘k hâldt sa’n bulte dochs fan dy
Mei dyn toer sa steil en stoer sjochtsto fier de fjilden oer
mei dyn greiden op ‘e klaai bliuwsto my altyd sa nei:
wer’t ik kom yn’t hiele gea, ‘k ferjit dy nea!

Op’t plattelân en dochs sa tichte by de stêd,
dyn keatsers en kuorballers op it griene mêd
Gymnasten, dyn sjongers, dyn wrotters eltse dei:
Reduzum do bliuwst my sa nei.

refrein

Moat ik dy ferlitte ferjitte doch ik dy net
foar dy bliuwt in plakje yn binnenst fan myn hert
Dyn ienheid, wêr fynt men dy earne oars ek sa
dêrom kom ik nei dy grif wer ta.

refrein