Skûtsje Jonge Rein

Ut de Linepraat juli 2022


Erik Jonker is skûtsjeskipper fan de ‘Jonge Rein’, eins in Wytgaarder skûtsje. Mei syn team, wêrûnder ek Redústers, sylt hy dit jier yn de B-klasse mei yn de IFKS.

Hoe bisto mei it skûtsjesilen yn oanrekking kaam?
Erik: ‘Eartiids, as bern, gongen we mei ús heit en mem mei de boat op fakânsje en nei it skûtsjesilen. In omke fan ús heit (Appie Jonker) sylde mei op de Gerben van Manen, it skûtsje fan It Hearrenfean, en oare omkes op it skûtsje fan De Jouwer (Oane) en bij Ulbe Zwaga (Jentsje) en Riezebos.
Ik siet yn Wytgaard yn it jeugdclub bestjoer en wie net mei silen dwaande. Doe frege Foppe Jorna fan Wytgaard my ris in kear mei op it skûtsje van syn omke Michiel Kalsbeek en fan de iene op de oare dei wie ik ferknocht oan skûtsjesilen.
Sa bedarre ik doe by Michiel Kalsbeek op de ‘Raerder Roek’; sylde dêr mei en hie de grut skoat ûnder myn hoede. It earste jier dat ik mei sylde wie er krekt promovearre nei de grutte A-klasse fan de IFKS en dat wie fansels machtich moai en dêr ha ik tsien jier syld. Ek sylde ik wol mei gasten en Jannet, myn frou, gong dan ek graach mei.

Nei ferrin fan tiid woe ik graach in eigen skûtsje ha en gong op syk nei in kasko fan in skûtsje. Dat ha we fûn yn Zwolle. Dit fan âlds skûtsje wie omboud as wenboat. It skûtsje wie makke op de werf fan Roor & vd Meijden yn Ljouwert. Dit wie krekt wat wy sochten en ha yn maart 2006 it kasko kocht. Us heit stie garant.
It skip moast ferlinge en opknapt wurde oant er klear foar wedstriden wie. Doe haw ik skûtsjeskipper Sieb Meyer fan de Jonge Jasper út Frjentsjer belle en frege oft it skip by him op ‘t hiem lizze mocht om te strippen en wer op te bouwen. Dêr ha we mei famylje, freonen en kunde it skip ferlinge (by Brandsma Shipdok) en wer opboud.
Mei de krystdagen yn 2006 wie it skûtsje safier klear, dat it yn ’t wetter koe en is it mei in sleepboat nei Jirnsum fearn. Dêr hawwe wy it skip by RFU wer út it wetter helle en letter is it strale en coaten by Elzinga. Yn jannewaris 2007 is it op in djiplader nei Reduzum ta brocht nei in loads by Jouke van der Werff. Hjir ha we it mei freonen en famylje, ek omke Jentsje, sels fierder opboud en hielendal ôfmakke.
Foar rjochtlinen hjirby koe ik weromfalle op kunde fan it Hearrenfeanster skûtsje.
Us skûtsje is boud neffens de maten fan dit skûtsje, dêr’t we in bou- en plantekening neffens makke ha. De swurden en it roer ha we meitsje litten en staazjerinners ha holpen en ûnderdielen makke.
Yn juny 2007 wie it skip safier klear, dat it op in djiplader nei Jirnsum brocht wurde koe en dêrnei nei Van der Werff Logistics op It Hearrenfean, dêr’t it yn 4 wiken fierder optúgd is. Doe binne we nei Terherne syld. Dêr leit de Jonge Rein by Eetcafé Portunus yn Terherne en kinne we der sa mei te trainen en mei gasten op ‘e Snitser mar te silen.
De earste 5 jier ha we sûnder motor oan board syld, mar tsjinwurdich hawwe wy in bûtenboardmotor.’

Hoe binne jim oan ‘e namme ‘Jonge Rein’ kommen?
Yn 1850 waard der ek al mei houten skûtsjes syld. Der wie doe in skipper, Greelt Reins Zijlstra, dy’t in hiel soad wedstriden wûn mei in skûtsje dat de ‘Jonge Rein’ hjitte.
Erik: ‘Doe tocht ik, dat is tapaslik om dy namme werom te bringen yn de skûtsjefloat en fansels de link mei de namme fan myn heit, Rein Jonker, en ús soan dy ‘t ek Rein hjit. En dan is der ek it teken yn it seil: JR, de earste en de lêste letter van Jonker.’
Erik is eigner fan it skip en lient it oan de stifting. De stifting soarget derfoar, dat de Jonge Rein sile kin en foar sponsoaren en donateurs. De measte sponsoaren stypje yn tsjinsten. Haadsponsor is Van der Werff Logistics en dêrneist RFU, Deelstra-Jansen boekhâld buro, Jan Miedema-Krekt op Maat, J en G beheer, Mennens-Hijs en heftechniek, Blanken Maritiem, De Boer Autoschade en Eetcafé Portunus. Ek Langeberg hat ús sponsore mei
skjinspuitsjen fan it ûnder wetterskip.
De opslach (û.o. de seilen en de fok) is by Jouke en Gjetsje van der Werff yn Reduzum.

Hast mear Redústers oan board?
Erik: ‘Ja seker! Neist ús heit Rein, dy’t meigiet te trainen, mar net mear mei wedstriden, sylt ‘jonge’ Rein, ús âldste soan, mei yn de roef. En Jan Miedema sylt altyd mei en syn soan Jitse. Ronald van der Meulen is reserve.
Dit jier sile we foar it 3e jier yn de B-klasse fan de IFKS.
We binne begûn yn de C-klasse en nei in tal oanpassings binne we kampioen wurden yn 2008 en promovearre nei de B-klasse, letter nei de A-klasse en nei 2 jier wer yn de B-klasse.

We hoopje dit jier by de earste 3 te einigjen, sadat we wer promovearje kinne nei de A. De lêste 3 yn in klasse degradearje. Dit jout in protte fariaasje yn de wedstriden.’

Bist der in soad tiid mei kwyt?
Erik: ‘It is eins in twadde baan. Der giet net in dei foarby, dat we der net mei dwaande binne of it der oer ha. Woansdeitejûns, fan de earste woansdei fan april oant en mei de IFKS-wedstriden, is ús trainings jûn. Tuskentroch gean we mei gasten te silen.
Neist myn baan as medysk technikus yn it Antonius Sikehûs yn Snits ha ik wol romte om te silen. Myn baan is fleksibel en om’t ik steuringstsjinsten draai, kin ik in soad tiid frijmeitsje.
It Himelfeart wykein ha we meidien oan wedstriden op ‘e Lemmer en wiene 11e
fan de 23 dielnimmende skûtsjes. Ik fyn it altyd wol spannend hear, de wedstriden!
Wy nimme wol spul oer fan SKS-skûtsjes; dêr krije se elke twa jier nije seilen en fokken, mar dy binne dan noch net fersliten.
Yn 2018 ha we nije seilen en in fok oantúgd en binne dêryn sponsore troch in freon fan ús heit. De seilen binne ‘koate’ en wurde oprôle en yn ‘e winter goed opslein by Jouke van der Werff. Sa giet dit spul lang mei.’

En Jannet, hoe bisto by alles belutsen?
Jannet: ‘Ik ha wol mei syld, mar nei’t de bern berne binne, bin ik der mei stoppe. Ik fasilitearje de silers wol en belibje de wedstriden, mei de bern, mei. Yn ‘e simmer hiere we in klipper foar de hiele famylje en bemanning, dêr’t we dan op meifarre nei de wedstriden. Hjir ite, drinke en sliepe we de hiele wike op.
Boppedat behear ik  de Facebook site fan De Jonge Rein
Myn frije tiid giet der wol aardich mei op en ik ha op ’t heden gjin tiid foar oare hobby’s.’

It is wol dúdlik, dat je der as húshâlding allegear achter stean en fol yn mei gean moatte as je foar it skûtsjesilen kieze. Erik komt net út in skipperslaach en sa’t er seit hat er wol lang wurk hân om de kneepkes fan it ‘skipperjen’ te learen.
Wy sjogge út nei fan ‘t simmer én it skûtsjesilen!

Jo kinne de Jonge Rein ek sponsorje troch in flesse ‘Reinwetter’ te keapjen, wêrby’t in diel van de opbringst foar it skutsje is.

Jantsje Kalsbeek en Dirk Vermeulen