It gelok fan Fryslân



Fynsto koekjes bakken ek soks leuk en lekker wurk!
Dan kist ús miskien wol helpe! 17 en 18 oktober komt Tryater mei it gelok fan Fryslân nei Reduzum.
Foar dizze kuiertocht, sykje we echte koekebakkers om ús te helpe mei gelokskoekjes te bakken foar It Gelok fan Fryslân.
Meist dyn eigen (geheime) resept brûke, wy ha de geloksfoarmkes.
Stjoer ús efkes in berjochtsje ast thús mei bakke wolst.reduzumgelok@gmail.com

Geloksfrijwilligers socht! 

Om ‘it Gelok fan Fryslân’ yn Reduzum tot in grut súkses te meitsjen, ha we de help nedich fan Redústers! Wy sykje frijwilligers dy’t tidens de kuier meihelpe wolle. It is in koart mar krêftich projekt: ien wykein is de tocht yn Reduzum te berinnen. Dit bestjut datsto foaral dat wykein beskikber wêze moatst. 

Liket it dy wat? Of bisto gewoan nijskjirrich en wolsto earst wat mear hearre? 

Op moandei 28 septimber om 20.00 is der in ynformaasjejûn yn cafe de Welp. 

Yn ferbân mei Korona moatte we presys witte hoe folle minsken der komme. Derfoar graach opjaan troch in mailtsje te stjoeren nei: reduzumgelok@gmail.com 

Kinst dy fia dit mailadres ek direkt opjaan as frijwilliger. 

Belangryke data: 

– moandei te jûn 28 septimber 20.00 (ynformaasje jûn yn cafe de Welp)

– tongersdeitejûn 15 oktober (technyske trochrin) 

– freed 16 oktober fan 16.00 – 18.00 (generale repetysje) 

– sneontemiddei 17 oktober en snein te middei 18 oktober tidens de kuier.