Theatergroep Fier

Kontakt:
E-mail: info@theatergroepfier.nl
Website: http://theatergroepfier.nl


31 december 2021
Iepen Loftspul Godlike Komeedzje 2.0 gaat los in 2022

In het jaar dat FIER z’n tweede iepen loftspul zou organiseren, ging alles door Corona niet door. Gelukkig konden we dit jaar wel de voorbereidingen in gang zetten voor een mooie voorstelling in juni 2022….

Het begon met de informatiebijeenkomst op 7 oktober jl. Op de boppeseal bij Jeroen en Lutske was het een gezellige drukte. Na een welkom door Otto van de Meulen, de voorzitter van Theatergroep Fier, namen schrijver Sietse de Vries en regisseur Karin Idzenga de aanwezigen mee naar de inhoud van het stuk de Godlike Komeedzje2.0. over goden en robots. Met componist Bert Noordenbos en liedschrijver Hielke Tromp is met veel enthousiasme het openingslied al geoefend. Aan het eind van de avond hebben tientallen geïnteresseerde spelers, koorleden, muzikanten en ondersteuners zich opgegeven voor dit bijzondere spektakel.

Op zaterdag 13 november was er een kennismakings- en auditiedag, wederom op de boppeseal. ’s Ochtends konden de spelers hun toneeltalent tonen aan de regisseur. Karin was onder de indruk van het komische, droevige en stille spel. Op haar aanwijzingen lieten de spelers ook in ‘de overdrijving’ prachtig spel zien!

Ondertussen waren ook de muzikanten bij elkaar geweest om de liederen door te nemen. Tot slot kwamen ’s middags de koorleden bij elkaar om te vernemen welke muziek er gezongen gaat worden. Natuurlijk werd het openingslied nog een keer uit volle borst gezongen.

De spelers hebben inmiddels bericht ontvangen welke rol ze toebedeeld hebben gekregen. Denkt u na al dit enthousiasme: hier wil ik ook wel aan meedoen! We hebben nog een paar kleine rollen in te vullen, voornamelijk figuranten.

De koorleden hoefden geen auditie te doen, iedereen kan meedoen. Ook voor het koor geldt: we hebben nog ruimte voor zangers. Vooral mannen zijn van harte welkom!

Informatie of opgave voor koor, spelers of ondersteuning (decorbouw, kostuums etc.) kan via info@theatergroepfier.nl

We wachten op de persconferentie van 14 januari (of eerder) voor het doorgeven van de repetitiedata.

Tot slot nog even aandacht voor ons nieuwe logo dat Jorrit Bonnema voor ons heeft gemaakt. Het symboliseert de lach en de traan (twee boogjes) die samen een oog vormen. Vanaf nu kunt u ons aan dit logo herkennen.


Theatergroep FIER stelt iepenloftspul út nei 2022

It bestjoer fan stichting Theatergroep FIER stie klear om wer in moai iepenloftspul te organisearjen. Mar troch Koroana is it no te ûnwis en te dreech om ôfspraken te meitsjen oer audysjes, repetysjes en foarstellings. Dêrom is nei lang beried besletten om alles in jier út te stellen.

Wy hoopje dat 2021 in better jier wurdt wêr’t elkenien harsels wer wat frijer beweegje kin. As dat sa is, kinne wy yn novimber 2021 audysjes organisearje foar spilers en sjongers en kinne wy ek frijwilligers entûsjast meitsje. Yn juny 2022 hoopje wy dan wer in prachtich iepenloftspul del te setten.

Het bestuur van stichting Theatergroep FIER stond klaar om weer een mooie iepen loftvoorstelling te organiseren. Maar door Corona is het momenteel te onzeker en te lastig om afspraken te maken over audities, repetities en voorstellingen. Daarom is na rijp beraad besloten om alles een jaar uit te stellen.

We hopen dat 2021 een beter jaar wordt waarin iedereen zich weer wat vrijer kan bewegen. Als dat zo is, kunnen we in november 2021 audities voor spelers en zangers organiseren en kunnen we ook vrijwilligers enthousiast maken. In juni 2022 hopen we dan weer een mooie theatervoorstelling in de ‘iepen loft’ te laten zien.


It sil jim net fernuverje dat it mei de tariedingen fan ús nije stik (Godlike komeedzje 2.0) wer oars moat. Troch de strangere koroanamaatregels is it net mooglik om op sneon 14 novimber en op snein 29 novimber byinoar te kommen. We moatte yn elk gefal wachtsje oant mids desimber, hooplik is de situaasje dan ferbettere. As der dan wer mear mei en kin, prikke we nije datums.

De earste frijwilligers, spilers en sjongers hawwe har al opjûn. Dat is moai. Der sille ek minsken wêze dy’t der tsjinoan skytskoarje. Dochs wolle wy graach dat jim reagearje as jim meidwaan wolle. Alles trochskowe nei 2022 kin altyd noch, mar wy hoopje dat we yn 2021 los kinne. Opjaan kin by Agatha Vermeulen (vermeulenagatha@kpnplanet.nl) of Koos Wieling (kwieling@upcmail.nl).

We hâlde jim op ’e hichte. Bliuw sûn!

Mei freonlike groetnis,

It bestjoer fan FIER


Wat wie it dochs moai, de simmer fan 2018.
Oeds fan Fierwei sloech foar master op yn ús doarpen. We binne hast trije jier fierder en wolle graach yn 2021 wer los. As dat allegearre
slagget troch de koroana is fansels lang net wis. Mar de plannen
binne der. It stik is fierwei klear. Oan de lieten wurdt wurke.
Dêrom dizze oprop!

Sneon 14 novimber 2020 om 15.00 oere ha wy in gearkomste foar de frijwilligers.
Wolle jo/jimme meidwaan (klean, dekôr, ferkear en oare omballingen) dan graach opjaan by Agatha Vermeulen (vermeulenagatha@kpnplanet.nl) of Koos Wieling (kwieling@upcmail.nl). It kin wêze dat we, as der in
protte flecht op ’e koai is, de saak splitse yn twa skiften. Dy twadde sesje begjint om 16.30 oere. De lokaasje wurdt noch bekend makke!

Snein 29 novimber 2020 fan 09.30 oere oant 15.00 oere: audysje. Moarns de toanielspilers, middeis de sjongers. As it kin dogge we dit op ’e boppeseal by Jeroen en Lutske. Opjaan op de mailadressen dy’t yn dit stikje stean.
**As it net trochgean kin (koroana) dan hearre jim it**
Mei freonlike groetnis,
It bestjoer

Wat was het toch mooi, de zomer van 2018. Oeds fan Fierwei was geweldig in onze dorpen. We zijn bijna drie jaar verder en willen graag in 2021 weer los. Als dat allemaal lukt door corona is natuurlijk lang niet zeker. Maar de plannen zijn er. Het stuk is bijna klaar. Aan de liedjes wordt gewerkt. Daarom deze oproep!

Zaterdag 14 november 2020 om 15.00 uur hebben we een bijeenkomst voor de vrijwilligers. Wilt u/jullie meedoen (kleren, decor, verkeer en andere bijkomstigheden) dan graag opgeven bij Agatha Vermeulen (vermeulenagatha@kpnplanet.nl) of Koos Wieling (kwieling@upcmail.nl). Bij een hele grote deelname zullen we in twee groepen werken.
Die tweede sessie begint dan om 16.30 uur. De locatie wordt nog bekend gemaakt!
Zondag 29 november 2020 van 09.30 uur tot 15.00 uur: auditie. ’s Ochtends de toneelspelers,’s middags de zangers. Als het kan doen we dit op de
bovenzaal bij Jeroen en Lutske. Opgeven op de mailadressen die in dit stukje staan.
**Als het niet doorgaat (corona) dan horen jullie het**
Met vriendelijke groet,
Het bestuur