Hawwe jim it al heard?

 


Augustus 2017
Wy meie de tún langer net oer de stoepe groeie litte. De jongerein hat der lêst fan as se der mei bernewein op út sille en de âlderein mei de skokarre brekt sa stadichoan de nekke oer de Redúster wyldgroei

Ja. En alle oaren fine it gjin gesicht. Dat hawwe wy allang lêzen yn de Linepraat en der stie ek in dúdlike warskôging op de doarpsside. Elkenien hat it der oer. En dêr komsto no mei oan? Hasto gjin nijtsjes mear oer Oeds?

Nee. En dy nijtsjes hawwe jimme fansels ek al lang fernommen. Jimme hawwe my moai te fiter hân, hear. My iderkear kwiiskwâns ûnnoazel útkloarkje sadat dy Ieme fan jimme wer sa’n ôfwaaid stikje skriuwe koe. En dat allinnich mar om my yn it iepenbier te kakken te setten.

Do moatst net sa raar. Hoe komst dêr no wer by?

Haw ik ea sein dat it doarp ferlet hie fan bargen, of dat der in wedstryd útskreaun wurde soe foar de moaiste fontein?

Dat wie mar in grapke, dat begrypst dochs wol?

En dat ferhaal oer dy tribune op in trekkarre wie al hielendal te gek foar wurden. Ik skamje my dea.

Dêr moatst net sa swier oan tille. Do kinst dochs wol oer in aardichheidsje?

Jimme betinke dy aardichheidsjes tenei sels mar. My sille jimme der net wer oer hearre. Gegroet!

No, ik bin benijd.

Ieme H.


 Juni 2017
Us Oeds is ien fan de bekroane manifestaasjes dy’t meidogge yn it kultuerprojekt fan Under der Toer. Geweldich hin?
Geweldich? Ik begryp der gjin sprút fan. Dat âlde ferhaal fan Homerus hat ommers yn de fierste fierten neat mei in toer fan dwaan.
Dat moatst net te gau sizze. Doe’t Odysseus hyltyd mar net weromkaam út Troaje, wiene der in protte jonkeardels dy’t it graach mei syn jonge frou oanlizze woene. Se wie moai en ryk en mânlju wiene yn dy tiid net oars as hjoed-de-dei. Dat Penelope, sa hiet se, koe har dy flecht frijers mar amper fan it liif hâlde. Dêrom betocht se in ferlechje. Se sei: ‘As ik de sjaal klear haw dy’t ik foar Odysseus breidzje wol, sil ik der oer prakkesearje ien fan jimme as man te kiezen.’
Do kinst dochs net ivich oan sa’n sjaal breidzje?
Nee, dat is wier. Mar Penelope helle nachts eltse toer wer út dy’t se oerdeis breide hie. Dat sadwaande.
O, op sa’n toer ….
Do seist it: op sa’n toer. Mar boppedat hat Odysseus in bjusterbaarlike wrâld-toer makke ear’t er úteinliks wer by de frou thús kaam. Wêr hat er al net west?
Net yn Eagum! Mar goed, dat binne dus al trije ‘toeren’ yn ien ferhaal. Bêst genôch, liket my. Mar it soe fansels hielendal moai wêze as Sijbenga der dochs nóch ien by betinke koe. Dan wie der foar elk fan de fjouwer doarpen yn ús lytse mienskip in eigen toer yn it stik.
Nóch ien? Dat soe ik samar net witte, hear. Soks liket my in poepetoer. Mar sa’n fernimstich skriuwer as ús Peter sil dat grif wol slagje.
No, ik bin benijd.  Ieme H.

Maai 2017

De ploech fan Oeds hat in probleem. En net sa’n bytsje ek.

Wat dan, ju?

De bus kin net ûnder it spoar troch.

Moat dat dan?

Fansels. It stik fan Oeds soe op fjouwer plakken spile wurde. Yn Friens, Idaard, Eagum en yn Reduzum. Dêrom hyt it Oeds fan FIER-wei. En no hawwe se útfûn dat de bus net ûnder it spoar troch kin. It tunneltsje is tweintich sentimeter te leech.

Ja, dan helpt in bytsje lucht út de bannen ek net mear.

En no moatte se dus earst hielendal oer Wytgaard en Wirdum en dan werom nei Idaerd.

Wêrom net mar daliks by Dokkum om?

Witsto wat betters?

Fansels wol.

Hin? Fertel!

No, de Oeds-kommisje hat ommers in tribune oanskaft foar de fjouwer doarpen? Dy bouwe se dan op in djiplader sa heech dat er noch krekt troch de beide tunneltsjes  kin. En sa kinne de minsken noflik sittend fan de iene lokaasje nei de oare ferriden wurde. By Edawerd rinne se dat lytse eintsje en dat is it dan. Kin it noch makliker?

En wa sil dat betelje?

De sakeklub fansels, want eltsenien dy’t meibetellet, mei in reklameboerd oan ‘e goeie kant fan ‘e route sette. En as’t dêr dan ek noch in aardich riedspultsje mei wat pryskes oan ferbynst, staverje de minsken eltse letter dy’t der mar te lêzen is. Hawwe se ûnderweis ek noch wat ferdivedaasje. Tink om myn sizzen: sa komt it en net oars.

No, ik bin benijd.

Ieme H.


April 2017
De minsken fan de Oedskommisje sykje doarpsbewenners dy’t in jier lang in baarch
yn it hok hawwe kinne.

Watte? In baarch? No moat it net mâlder!

Fine jimme ek net?

Wêr is soks goed foar? Sa’n bist fret jin ommers de earen fan ‘e kop.

Dêrom, je! In knoarre baargen is foar sa’n kommisje allinne fansels fierstente folle.
Dat sadwaande dogge se in berop op ‘e mienskip.

Wêr’t sa’n mienskip al net goed foar is hjoed-de-dei. Mar wat sille se dan mei al dy
bargen? Roasterje foar it Oedspublyk op in grutte iepenloft bargekjoe?

Dat hyt barbekjû!

Wit ik wol. In knoarre baargen bestiet ek net. Mar dêr hearst my net oer.

Dat wie in grapke.

Ja-ja. Lit ús mar ophâlde mei dy grapmakkerij. Daliks komt der noch bargebiten fan.
En dêr hat net ien belang by. Mar wêrom hat sa’n kommisje eins ferlet fan al dy
bargen?

Ik wit net. It hat dermei te krijen dat Oeds op syn reis nei hûs itselde belibje moat as
dy Odysseus dêr’t ik jimme okkerdeis oer ferteld haw.

Hoe wie dat dan?

Underweis werom nei Ithaka bedarren Odysseus en syn freonen op it eilân Aeaea.

E. E. A? Is dat in ôfkoarting?

Nee, it is gewoan de namme. Aeaea. Do skriuwst it as: A – e – a – e – a.

Spitich dat plaknammen by Wordfeud ferbean binne.

En op dat eilân wenne in tsjoenster.Tsyrtsee. Der wurdt yn âlde boeken wolris sein
dat dy namme de Grykske útspraak is fan Zierikzee. Hoe dan ek: dy Tsyrtsee
feroare alle freonen fan Odysseus yn bargen.

Nee wol je?

Ja wis al. En soks sil dy Oeds takomme simmer dus ek meimeitsje moatte!

No, ik bin benijd.
Ieme H.


Maart 2017
Takomme jier krije wy hjir ek in fontein.

Watte? En wa sil dat betelje?

Hast it stikje fan Piter Renia net lêzen? It skip mei jild foar Oeds is oan! En no kinne wy ek in fontein oanlizze.

Wy hawwe hjir sa al wetter genôch, hie ik tocht.

No sa. Witte jimme noch dat de âlde haven wer iepengroeven wurde soe? Dat moast dan in útdaging wêze. Wat hat ien oan sokke kluchten? Stjonkerij en rottenêsten, dat krijst derfan. Moai dat wy dat noch keare koene.

En no leit dêr in haven sûnder wetter. Mei trije weagen fan geil gers en reiden út de pampa. En soks moat dan haven hite? Lige is ek in útdaging skreau Baukje op ‘e bank.

Kinst sizze watst wolst, wy hawwe doe in protte wille hân mei de ploech fan Angela Groothuis.

No ja, as it dêr om giet kin ik wol wat betters betinke. Wat moatte wy mei sa’n spuitding. Wetterfergriemerij, dat is it!

It giet om de status fan de mienskip. Wa kin yn Fryslân it heechste spuitsje? Dêr giet it mar om.

O, krekt as eartiids de tsjerketoer.

Presys. Mar dat is no in nostalgysk bouwurk. De god fan de heechste toer is al lang net mear de baas yn ‘e tsjerke. Dus moatte der rûnom yn Fryslân nije symboalen komme, hawwe se yn ‘e kulturele haadstêd betocht.

Tsjong. En wêr is sa’n fontein dan eins in symboal fan?

Woltier en bluisterichheid, wat tochtst!

Do seist it. Mar witte se ek al hoe’t dat ding der ût komt te sjen en wêr’t er komt te stean?

Nee, dat is just de aardichheid. Dêr wurdt in wedstryd foar útskreaun. En dy’t it moaiste ûntwerp makket, kriget dat ding skylk foar de doar.

No, it sil my benije.

Ieme H.


febrewaris 2017

Se wolle hjir yn 2018 in grut iepenlofspektakelbarren op tou sette. Odyssee soe it hite moatte.

O dy see? Is dat net in gedicht fan Baukje Wytsma?

Nee ju: Odyssee! Dat is in klassyk ferhaal fan Homerus. In âlde Gryk. It giet oer in man dy’t nei tsien jier oarlogjen weromreizget nei syn húshâlding. Odysseus hiet er, dat sa. Hy hie by Troje fochten.

En wat hawwe wy hjir oan sa’n âld stik??

Ho-ho: dêr moatst net te maklik oer tinke. Hawwe jimme yn Wergea net nei Brother where art thou west? Dêr kamen ek in protte fantastyske aventoeren fan dy Odysseus yn foar. No, wie dat moai of net? En de Ierske skriuwer James Joyce hat it hiele ferhaal op ‘en nij ferteld yn syn roman Ulysses. Dat boek wurdt sels rekkene ta de wrâldliteratuer.

En no sille wy hjir op ús bar de wrâld ferbjusterje? It moat net raarder. Wa sil dat dwaan?

Peter Sijbenga. Hy hat it stik al klear, mar it is net bedoeld foar de hiele wrâld, hear. It is skreaun foar ús sels. Foar de Mienskip, sis mar.

No, ik bin benijd!

Ieme H.